Gysbert Japicxpriis

De Gysbert Japicxpriis is de wichtichste literêre priis fan Fryslân. De priis wurdt ien kear yn ‘e twa jier útrikt. It iene jier foar Frysktalige proaza en it oare jier foar Frysktalige poëzy. De priis waard yn 1947 troch it provinsjaal bestjoer ynsteld. Dichter Obe Postma wie yn dat jier de earste winner fan de Gysbert Japicxpriis.

Proseduere en priis

Deputearre Steaten fan Fryslân kieze de priiswinner op basis fan it advys fan in advyskommisje. Dy advyskommisje stalt in list mei nominearren gear op basis fan it literêre wurk dat yn de fjouwer foargeande jierren ferskynd is. De Gysbert Japicxpriis kin ek as oeuvrepriis takend wurde. De winner fan de Gysbert Japicxpriis kriget in bedrach fan € 10.000 en in oarkonde. Tagelyk is der in bedrach fan € 5000 troch Deputearre Steaten beskikber steld om it winnende wurk oersette te litten en yn it bûtelân oan de man te bringen. De útrikking fan de priis is yn de Martinitsjerke yn Boalsert.

Gysbert Japicx

De namme fan de priis ferwiist nei de Fryske dichter Gysbert Japicx (1603 - 1666), berne yn Boalsert. Gysbert Japicx is de bekendste Fryske renêssânseskriuwer en wurdt sjoen as de grûnlizzer fan it Frysk as skreaune taal. It Frysk dat yn de midsiuwen brûkt waard om de wetten op te skriuwen, wie yn de 17e iuw ferdwûn. Nederlânsk wie doe de offisjele taal fan it bestjoer. Gysbert Japicx skreau wól Frysk en lei dêrmei de basis foar de Fryske skriuwtaal. Yn Boalsert stiet it Gysbert Japicxhûs, in museum oer de dichter yn syn bertehûs. 

Advyskommisje Gysbert Japicxpriis

De advyskommisje advisearret Deputearre Steaten oer it takennen fan de Gysbert Japicxpriis. Yn 2025 wurdt de Gysbert Japicxpriis takend yn de kategory Poëzy, ferskynd yn de perioade 2021 -2024.

De advyskommisje wurdt ynkoarten bekend makke.

Winners Gysbert Japicxpriis

Jiertal

Priiswinner

Bydrage

2023Jetske BilkerSpegel en sonde
2021Eeltsje HettingaFersen makke as Dichter fan Fryslân
2019Aggie van der MeerHiele oeuvre
2017Eppie DamFallend ljocht (poëzie)
2015Koos TiemersmaEinum (roman)
2013Jacobus Q. SminkSondelfal (dichtbundel)
2011Durk van der PloegHiele oeuvre
2009Anne FeddemaReidhintsje op ‘e Styx (poëzie)
2007Josse de HaanHiele oeuvre
2005Abe de VriesIn waarm wek altyd (poëzie)
2003Willem TjerkstraRidder fan Snits (roman)
2001Tsjêbbe HettingaFan oer see en fierder (dichtbundel)
1998Piter BoersmaIt libben sels (roman)
1995Trinus RiemersmaDe reade bwarre (roman)
1992Steven H.P. de JongDe Wuttelhaven del (roman)
1989Anne WadmanHiele oeuvre
1986Tiny MulderHiele oeuvre
1983Sjoerd van der SchaafDe bijekening (roman)
1981Reinder Rienk van der LeestKunst en fleanwurk (dichtbundel)
1979Ypk fan der FearHiele oeuvre
1977Jan WybengaLyts Frysk deadeboek (dichtbondel)
1975Rink van der VeldeHiele oeuvre
1973Willem AbmaDe âlde en de leave hear: as lead om âld izer, Op libben en dea en Mosken en goaden (dichtbundels)
1971Paulus AkkermanIt roer út hannen (roman), Foar de lins/Dat sadwaende (essays)
1969Niet toegekendDe faksjuery droech it dichterskollektyf ‘Operaesje Fers’ foar, mar Deputearre Staten folgen dat advys net op  en hawwe besletten de priis dat jier net ta te kennen
1967Trinus RiemersmaFabryk (roman)
1965Jan WybengaBarakkekamp (dichtbundel)
1963Jo SmitBisten en boargers (ferhalebondel)
1961Marten SikkemaHiele oeuvre
1959Eeltsje Boates Folkertsma (geweigerd)Eachweiding (essays)
1957Douwe TammingaBalladen (dichtbondel)
1955Ulbe van HoutenDe hillige histoarje (Bijbelverhalen), De sûnde fan Haitze Holwerda (roman)
1953Rixt (pseudonym fan Hendrika Akke van Dorssen)De Gouden rider (dichtbondel)
1952Anne WadmanKritysk konfoai (essays)
1951Sjoerd Spanninga (pseudoniem van Jan Dijkstra)Spegelskrift en Núnders (dichtbondels)
1950Ype PoortingaElbrich (roman)
1949Fedde SchurerSimson (Bijbels drama), berijmingen van It boek fan ‘e psalmen
1948Nyckle Haisma (postuum)Simmer (novelle)
1947Obe PostmaIt sil bestean (dichtbondel)