Winner Vredeman de Vriespriis foar foarmjouwing
It Kennis- en ynformaasjesintrum Hegebeintum hat de Vredeman de Vriespriis foar foarmjouwing wûn. Deputearre Sietske Poepjes rikte fan ‘e middei de priis út oan it ynrjochtingsteam, dat bestiet út Babke Dekker (Hofmeijer Dekker Ontwerpers), Johan van Gent (Stichting Erfgoed & Publiek) en Jos Blomsma (Terwisscha & Wagenaar | Vormburo). Sy krije mei de opdrachtjouwer Stichting Terp Hegebeintum in bedrach fan € 5000,- en in oarkonde.
Kennis- en ynformaasjesintrum Hegebeintum
It winnende ûntwerpteam hat yn opdracht fan Stichting Terp Hegebeintum de ynrjochting foar in eksposysje yn it nije besikerssintrum op de heechste terp fan Fryslân ûntwurpen. Neffens de sjuery bringt de nije ynrjochting oersicht en soarget dy derfoar dat de kearn fan it ferhaal goed sichtber is. “Het vormt een geheel waardoor het publiek de ruimte krijgt zich te verdiepen en op een goede wijze kennis kan maken met het archeologische verhaal. De inrichting sluit naadloos aan op de architectuur van het nieuwgebouwde centrum”, neffens de sjuery.
Earfolle fermelding
It nije ûntwerp fan it transformatorhúske yn Wurdum fan Ronald van der Zwaag kriget in earfolle fermelding en in bedrach fan € 500,-. Van der Zwaag brûkte foar syn ûntwerp tûke oplossings lykas in trap dy’t ferrôle wurde kin. It eardere transformatorhúske is sa in unike Bed & Breakfast wurden.
Publykspriis
Neist de sjuerypriis wie der ek in LC-publykspriis. De measte stimmen fan it publyk wiene foar it ûntwerp fan Lies Keramiek. Keramiste Lies van Huet makke in servys foar minsken mei in ienhânske beheining.
Utstalling yn Museum Joure
It wurk fan de seis nominearren is noch oant en mei 9 jannewaris 2022 yn Museum Joure te sjen. Neist de neamde winners en earfolle fermelding binne dat:
- Bûsdoek, in Frysk biermerk (Untwerper: Sjoerd Kooistra - Opdrachtjouwer: Fryske brouwerij)
- De Utrecht Ljouwert (Untwerper: Dennis de Vries - Opdrachtjouwer: De Utrecht Ljouwert)
- In rige tentoanstellingen yn OBE (Untwerpers: Ernst Bernson & Yvonne Willems – Opdrachtjouwer: Tresoar)
De Vredeman de Vriespriis fan de provinsje Fryslân wurdt alle jierren útrikt. It iene jier foar foarmjouwing, it oare jier foar arsjitektuer. De provinsje wol mei dy priis it ûntwerpklimaat yn de provinsje in stimulâns jaan. Untwerp is oeral om ús hinne en kin bydrage oan ynnovative oplossings yn ús maatskippij. Fan ’t jier is de alfde útrikking fan de Vredeman de Vriespriis foar foarmjouwing. De sjuery sjocht nei artistike kwaliteit, helberens, maatskiplike en ekonomyske relevânsje. Ek de gearwurking tusken opdrachtjouwer en opdrachtnimmer yn it ûntwerpproses is wichtich.