Vredeman de Vriespriis foar Foarmjouwing
De Vredeman de Vriespriis foar Foarmjouwing is in foarmjouwingspriis foar alle ûntwerpers en foarmjouwers. It ûntwerpproses, de wearde en it belang foar de brûker en de maatskippij steane dêrby sintraal. De priis stimulearret it foarmjouwersklimaat yn Fryslân. Mei de priis wol de provinsje in ympuls jaan oan de belangstelling foar foarmjouwing yn Fryslân. De priis wurdt sûnt it jier 2001 ien kear yn ‘e twa jier útrikt. De organisaasje fan de priis is yn hannen fan Keunstwurk
Proseduere en priis
Alle foarkommende dissiplinen fan ûntwerpen en foarmjouwing komme foar de Vredeman de Vriespriis foar foarmjouwing yn ‘e beneaming. Ûntwerpers kinne harren sels fia Keunstwurk foar de priis oanmelde. Rânebetingst is wol dat de opdrachtjouwer of ûntwerper yn Fryslân fêstige is. De advyskommisje nominearret ynstjoerings en draacht in priiswinner oan Deputearre Steaten foar. De winner fan de Vredeman de Vriespriis foar Foarmjouwing (kombinaasje fan ûntwerper en opdrachtjouwer) kriget in oarkonde en in bedrach fan € 5000. Dêrneist binne fiif bedraggen fan € 500 beskikber foar dejingen dy’t mei eare neamd wurde.
Hans Vredeman de Vries
De priis is ferneamd nei Hans Vredeman de Vries. Dizze arsjitekt, planolooch, tekener en keunstner is yn 1527 yn Ljouwert berne. Dêrneist stiet hy bekend as de grûnlizzer fan de Antwerpse renêsssânsestyl.
De advyskommisje bestiet yn 2024 út fiif leden:
- Volken de Vlas, ûntwerper en produsint fan byldzjend wurk en designprodukten;
- Arnout Meijer, skriuwer, ûntwerper en produsint fan design, keunst, en arsjitektuer;
- Lisa Sportel, ûntwerper en dosint grafysk ûntwerp en konsept oan Academie Minerva;
- Bert Looper, histoarikus en publisist fan boeken en artikels oer keunst, design en skiednis;
- Debbie Wijskamp, ûntwerper en produsint fan mei hân de makke ynterieurprodukten en eigener fan in atelierromte en galery.
Winners Vredeman de Vriespriis foar Foarmjouwing
Jiertal | Winner | Bydrage |
---|---|---|
2021 | Kennis- en ynformaasjesitrum Hegebeintum | Untwerp nij besikerssintrum |
2019 | Elmo Verwijs fan Studio Elmo Vermijs | Foar it ûntwerp Gegrond |
2017 | Ûntwerp: Studio INAMATT, Penjum Opdrachtjouwer: Matsura Museum Hirado en de Nederlânske ambassade yn Japan | Sweet Nothing. In rige produkten foar in Japanske teeseremoanje |
2015 | Ûntwerp: Claudy Jongstra Opdrachtjouwer: Natlab/Plaza Futura, Eindhoven | Wandbeklaaiing foar de ‘Denkkamer’ |
2013 | Ûntwerp: NRJ Architectuur (Nynke-Rixt Jukema) Opdrachtjouwer: Fries Museum | Dowetil, meubels foar ús atelier |
2011 | Ûntwerp: Gjalt Pilat Opdrachtjouwer: Pilat en Pilat Produkties | Tafelsearje ‘Pake Sytse’ |
2009 | Ûntwerp: BHW Ontwerpers / Rudmer van Hulzen Opdrachtjouwer: Iepenbier Ministearje Arrondissementsparket Ljouwert | Jierferslach 2006 / Jierplan |
2007 | Ykje Hibma, Durk Kramer, Bastiaan Blaauw en Maaike de Vreeze Opdrachtjouwer: MOS (Maatschappelijke Onderneming Smallingerland) | Multyfunksjoneel teenerplak ‘Binnenboard’ |
2005 | Claudy Jongstra, Spannum | ‘Cherry Blossom’, grutte filten lûken ûntwurpen foar it Amsterdamske Lloyd Hotel |
2003 | Ûntwerp: Hella Jongerius, Marcel Wanders en Jurgen Bey Opdrachtjouwer: Koninklijke Tichelaar, Makkum | ‘Nothing New’ (produktynnovaasje: Delfts ierdewurk in nij gesicht jûn) |
2001 | Hanshan Roebers Opdrachtjouwer: gemeente Tytsjerksteradiel | Monumint ‘De boot van toen’ |