Vredeman de Vriespriis foar Arsjitektuer

De Vredeman de Vriespriis foar Arsjitektuer stimulearret opdrachtjouwers en arsjitekten om bysûndere arsjitektoanyske bouwurken yn Fryslân ta stân te bringen. De provinsje wol mei dizze arsjitektuerpriis de belangstelling foar arsjitektuer by in breed publyk fergrutsje. De priis wurdt oan de opdrachtjouwer likegoed as de arsjitekt takend. De priis wurdt sûnt it jier 2000 ien kear yn ‘e twa jier útrikt. De organisaasje fan de priis is yn hannen fan Keunstwurk.

Proseduere en priis

Arsjitekten en opdrachtjouwers kinne harren sels fia Keunstwurk foar de priis oanmelde. Rânebetingst is wol dat it bouwurk yn Fryslân stiet. De oanmeldings wurde troch in advyskommisje beoardiele. De advyskommisje nominearret ynstjoerings en draacht in priiswinner oan Deputearre Steaten foar. De winner fan de Vredeman de Vriespriis foar Arsjitektuer (kombinaasje fan arsjitekt en opdrachtjouwer) kriget in oarkonde en in bedrach fan € 5000. 

Hans Vredeman de Vries

De priis is ferneamd nei Hans Vredeman de Vries. Dizze arsjitekt, planolooch, tekener en keunstner is yn 1527 yn Ljouwert berne. Dêrneist stiet hy bekend as de grûnlizzer fan de Antwerpse renêssânsestyl.

Advyskommisje Vredeman de Vriespriis foar Arsjitektuer

De advyskommisje yn it jier 2020 út:

  • Kirsten Hannema
  • Suzanne Mulder
  • Rob Hendriks
  • Marc Nolden
  • Pieter Michiel Schaap

Troch omstannichheden fynt de útrikking fan de 2022 edysje plak yn 2023.

Winners Vredeman de Vriespriis foar Arsjitektuer

Jaartal

Winnaar

Bijdrage

2023 (y.f.m. omstannichheden is dizze pas útrikt yn 2023, mar it is de winner fan 2022)Untwerp: Studio Nauta y.s.m. De Zwarte Hond. Opdrachtjouwer: PCBO Ljouwert e.oRenovaasje en nijbou fan basisskoalle en berne-opfang IKC Prins Constantijn yn Ljouwert

2020

J.O.N.G. Architecten fan de Lemmer

Energie Kenniscentrum Leeuwarden

Achterbosch Architecten út Ljouwert en

in wente yn Aldemardum

2018

Untwerp: Onix NL, Groningen

Opdrachtjouwer: Stichting Museum Houtstad

Museum en wurkpleats Houtstad, Drylts

2016

Ûntwerp: DP6 architectuurstudio, Delft

Opdrachtjouwer: Poppodium

Ûntwerp: J.O.N.G. Architecten, de Lemmer

Opdrachtjouwer: S. Wijma

ROC Neushoorn yn Ljouwert

Fakânsjewente, It Heidenskip

2014

Ûntwerp: Borren Staalenhoef Architecten (Jacob Borren)

Opdrachtjouwer: famylje Kramer-Wapstra, Ljouwert

Villa Juliana yn Ljouwert (restauraasje, ferbou en útwreiding)

2012

Ûntwerp: Onix, Groningen, projektarsjitekt Allart Vogelzang

Opdrachtjouwer: Stichting Vrije Scholen Athena, Deventer

Michaëlskoalle, Ljouwert

2010

Ûntwerp: TWA architecten, Burdaard

Opdrachtjouwer: Wonen Noordwest Friesland, St. Anne

Woon-Zorgcombinatie Offingaburg in Hallum.

2008

Ûntwerp: GDA Architecten bv bna, Burdaard

Opdrachtjouwer: Wonen Noordwest Friesland, St. Anne

Nijbou kantoar Wonen Noordwest Friesland, St. Anne

2006

Ûntwerp: Onix bv, Groningen, projektarsjitekt ing. H. Meijer

Opdrachtjouwer: B. Maarsingh en I. van Steijn

Nijbou Villa Marsingh/Dogma Hûs #1

2004

Arsjitekteburo Jelle de Jong, de Lemmer

Ferbou fan in wenpleats yn Nijemardum

2002

Ûntwerp: Verheijen Verkoren Knapper De Haan (VVKH Architecten), Leiden

Opdrachtjouwer: Heijmans Vastgoed, Almere

Parkeargaraazje anneks supermerk, Hofsingelprojekt yn Ljouwert

2000

Bonnema Borren Staalenhoef, arsjitekten yn Hurdegaryp (Ir. A. Bonnema en de hear Storm)

Twa rekreaasjewenten op in dúntop op Flylân