Syktocht nei nije dichter fan Fryslân fan start

Wa wint de Joast Halbertsmapriis en wa wurdt de nije dichter fan Fryslân? Ein dit jier wurdt bekend makke wa’t yn de fuotleasten fan Nyk de Vries giet, de hjoeddeistige dichter fan Fryslân. Deputearre Steaten hawwe in advyskommisje frege om mei in foardracht te kommen. Dêryn sitte Cilla Geurtsen, Annemary Lindeboom en Tsead Bruinja.

Ien kear yn de twa jier wurdt in nije dichter fan Fryslân keazen. Dy titel giet nei in Fryske dichter fan wa’t it wurk heech op kwaliteit, eigensinnigens en meartaligens skoart. Ek affiniteit mei keunst, orizjinaliteit en presintaasje telle mei. Eeltsje Hettinga wie de earste dy't de titel fertsjinne, Nyk de Vries de twadde. De dichter fan Fryslân skriuwt alle jierren op syn minst seis Frysktalige gedichten en treedt yn alle gefallen twa kear yn ‘t jier op as Dichter fan Fryslân. Yn syn rol is hy ambassadeur fan de Fryske poëzy.

Cilla Geurtsen is dosinte Nederlânsk en resinsint foar de Ljouwerter Krante. Ek wie hja foarsitter fan de Gouden Gurbe sjuery. Annemary Lindeboom is sels dichter en oprjochter fan it wurdkeunstnersplatfoarm ‘Dichter by Leeuwarden’. Tsead Bruinja wie Dichter des Vaderlands yn 2019 en 2020 en skriuwt gedichten yn sawol it Frysk as it Nederlânsk.

Joast Halbertsmapriis

Ek foar de Joast Halbertsmapriis is in advyskommisje yn it libben roppen. Caspar van den Berch, Nelleke IJssennagger en Arjen Dijkstra sille in advys oan DS útbringe wa’t dit jier de Joast Halbertsmapriis winne moat. De winner dêrfan wurdt op 8 desimber 2021 bekend makke.

De Joast Halbertsmapriis wurdt ien kear yn de fjouwer jier útrikt. Dizze priis beslacht it hiele wittenskiplike fjild fan Fryslân oangeande skiednis, taal, literatuerwittenskip en sosjale wittenskip. De provinsje wol mei dizze priis wurdearring foar de winner en syn of har wurk toane.

Professor doctor Caspar van den Berch is heechlearaar Global en Local Governance en direkteur fan de Graduate School fan Campus Fryslân. Doctor Nelleke IJssennagger – van der Pluijm FSA is direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy en wie dêrfoar ûnder oare konservator foar it Frysk Museum. Arjen Dijkstra is direkteur fan it Universiteitsmuseum yn Grins en adviseur fan it Kolleezje fan Bestjoer fan de Ryksuniversiteit. Hy is spesjalisearre yn de skiednis fan de wittenskip.

Biografyen

Advyskommisje Dichter fan Fryslân:

  • Cilla Geurtsen (1972) studearre Nederlânsk oan de Ryksuniversiteit fan Grins, mei Moderne Letterkunde as rjochting. Se jout Nederlânsk op de learare-oplieding oan de NHL Stenden en Piter Jelles Stedelijk Gymnasium. Dêrneist skriuwt se resinsjes foar de Ljouwerter Krante, Tzum.info en wie se de ôfrûne trije jier foarsitter fan de Gouden Gurbe-sjuery. Se wurket ek mei oan de Fryske en Nederlânske ôfdielings fan Lezen voor de lijst.
  • Annemarie Lindeboom (1989) is oprjochter en artistyk lieder fan wurdkeunstnersplatfoarm Dichter bij Leeuwarden, dat harren ynset foar talintûntwikkeling en Sichtberens fan wurdkeunstners. Dêrneist is sy sels ek dichter en skriuwer, begelaat sy jonge en talintfolle skriuwers as coach by Poetry Circle Nowhere, en organisearret sy mei har eigen bedriuw Letterlijke Verleiding, en mei har kreative agency Studio Zeepsop tegearre mei Liselot Jaspers Focks, in soad eveneminten en kampanjes yn Fryslân dêr’t de wurdkeunst de boppetoan yn fiert.
  • Tsead Bruinja (Rinsumageast, 1974) is dichter en wennet yn Amsterdam. Yn 2019 en 2020 wie hy Dichter des Vaderlands fan Nederlân. Hy waard opfolge troch Lieke Marsman. Bruinja debutearre yn it Frysk yn 2000 mei de Frysktalige bondel De wizers yn it read/ De wijzers in het rood (Bornmeer) en yn it Nederlânsk yn 2003 mei Dat het zo hoorde (Contact). Bruinja stelt lêzingen gear, resinsearret, presintearret, ynterviewt en treedt op yn binnen- en bûtenlân (û.o. yn Perû, Oekraïne en Simbabwe).

Dêrneist wurket hy regelmjittich gear mei byldzjend keunstners, typografen en foarmjouwers. Syn wurk is net allinnich yn boeken mar ek op gebouwen, pleinen en yn winkels te lêzen. Fan 2008 oant 2013 skreau Bruinja gedichten foar it aktualiteitenprogramma ‘Dit is de dag’ (Radio 1) en fan 2014 oant 2016 skreau hy in wyklikse kollum foar de kultuertaheakke fan de Ljouwerter Krante. Fan ôf 2012 is Bruinja wurksum as dosint oan de oplieding Creative Writing yn Arnhim en fan 2017 oant ‘e mei begjin 2019 wie hy 'Dongeradichter' fan de gemeente Dongeradiel. Bruinja's bondels waarden nominearre foar de Jo Peters PoëziePrijs, de Ida Gerhardtpoëzieprijs en de Obe Postmapriis. Syn meast resinte bondel is Springtij - gedichten oer it libben mei TBS(Querido, 2020)

    Advyskommisje Joost Halbertsmapriis:

    • Prof. dr. Caspar van den Berg, heechlearaar Global and Local Governance en direkteur fan de Graduate School fan Campus Fryslân
    • Dr. Nelleke IJssennagger – van der Pluijm FSA (1986) is Direkteur-Bestjoerder fan de Fryske Akademy. Earder wie dr. IJssennagger as konservator ferbûn oan it Fries Museum en as regional curator foar Cornwall oan de National Trust in Ingelân. Yn 2017 promovearre sy by de RUG op it multydissiplinêre proefskrift Central because Liminal. Frisia in a Viking Age North Sea World, nominearre foar de wittenskipspriis Campus Fryslân, en yn 2019 waard sy beneamd ta Fellow of the Society of Antiquaries in Londen. Resint is de troch har redigearre publikaasje Frisians of the Early Middle Ages (https://boybrew.co/FrisiansMA) ferskinen.
    • Arjen Dijkstra (1979) is direkteur fan it Universiteitsmuseum yn Grins en adviseur fan it Kolleezje fan Bestjoer fan de Rijksuniversiteit. Hy is spesjalisearre yn de skiednis fan de wittenskip, boeken en de Universiteit van Frjentsjer. Letter dit jier publisearret hy in biografy fan de planetariumbouwer Eise Eisinga.