Provinsjale priiswinner krijt ekstra jild foar promoasje

Winners fan Fryske prizen lykas de Gysbert Japicxpriis en de Gerrit Bennerpriis krije aanst in spesjaal promoasje- en ûntwikkelbudzjet fan 5.000 euro. Dêrmei kinne se bygelyks in útstalling oer in wurk organisearje of in oersetting fan in boek meitsje litte. Tagelyk is it in stimulâns foar it fjild. It is ien fan de nije ûnderdielen fan de nije oanpak fan de provinsje foar syn literêre en kulturele prizen.

It promoasje- en ûntwikkelbudzjet wurdt tawiisd oan 5 provinsjale prizen, nammentlik de Gysbert Japicx-, de Bernlef-, de Gerrit Bennerpriis en de twa Vredeman de Vriesprizen (ien foar Untwerp en ien foar Arsjitektuer).

De nije prizeregeling is ûntstien om't de provinsje mear út syn prizen helje wol as oant no ta dien is. Oant no ta koe de provinsje tsien prizen, dy’t útrikt wurde oan minsken of organisaasjes dy't in weardefolle bydrage levere hawwe op harren mêd, lykas koartlyn de Dr. Joast Halbertsmapriis. Mei dy prizen wol de provinsje omtinken en wurdearring jaan oan de ferskate dissiplinen en soargje foar in stimulâns. Dat barde noch net genôch.

Nije prizen

Mei twa ekstra prizen, it earder neamde promoasje- en ûntwikkelbudzjet en in nije oanpak foar it beoardieljen, stribbet de provinsje nei mear effekt. De nije Els Veder-Smitpriis giet ien kear yn ’e trije jier nei in persoan dy't in weardefolle bydrage levere hat oan de posysje fan froulju yn ’e Fryske polityk. Ferline moanne naam Lutz Jacobi de alderearste yn ûntfangst. Foar berne- en jongereinliteratuer komt de Lytse Obe, om't dat sjenre by de útrikking fan de Obe Postmapriis faak net genôch sjoen wurdt.

Advyskommisjes

De winners fan de provinsjale prizen wurde keazen troch aparte advyskommisjes. De leden fan dy kommisjes moatte in goede ôfspegeling wêze fan de oanbelangjende dissipline. Saakkundige organisaasjes dogge dêrom in foardracht foar de advyskommisje. De leden fan de Gysbert Japicxpriis wurde by de folgjende presintaasje foardroegen troch fertsjintwurdigers út it literêre fjild en fan Tresoar en de Fryske Akademy.

De nije Feroardering foar provinsjale prizen moat noch troch Provinsjale Steaten fêststeld wurde. Se sille der op 25 maaie oer prate.