Lyts Frysk Diktee

Learlingen út groep 8 kinne meidwaan oan it Lyts Frysk Diktee. Alle skoallen yn Fryslân wurde dêr foar útnûge. De learlingen meitsje twa proefdiktees. De bêste learlingen út groep 8 fan de Fryske basisskoallen dogge mei oan de finale fan it Lyts Frysk Diktee. It Lyts Frysk Diktee wurdt yn de steateseal yn it provinsjehûs hâlden. De organisaasje fan it Lyts Frysk Diktee is yn hannen fan Cedin, Afûk, Fryske Akademy en de provinsje Fryslân.

Sjuery Lyts Frysk Diktee

De sjuery stelt de tekst fan it Lyts Frysk Diktee fêst, hâldt tafersjoch op de wedstriid en wiist de úteinlike winner oan. De útspraak fan de sjuery is binend. De sjuery fan it Lyts Frysk Diktee bestie yn 2019 út:

  • Jelle Bangma, Cedin;
  • Nienke Jet de Vries, Provinsje Fryslân;
  • Hindrik Sijens, Fryske Akademy;
  • Lida Dijkstra, berneboekeskriuwster.

Winners Lyts Frysk Diktee

Jiertal

Priiswinner

2019

Grieteke Schrama, Sint Annaparochie

2016

Ilse Vellinga, Wommels

2014

Gaiske Meinsma en Jacob-Jan Haaksma

2006

Ineke Heeres