Kinke Kooi wint provinsjale GERRIT BENNERpriis 2023
Kinke Kooi is de winner fan de GERRIT BENNERpriis 2023. De byldzjend keunstneres is keazen omdat de sjuery ûnder de yndruk is fan de lykmjittige kwaliteit en eigenheid yn har wurk. Har wurk rekket neffens de sjuery hjoeddeiske tema's as gender, ferskaat en ynklusy. De keunstneres ûntfangt in jildbedrach fan €5000, - en in útstalling yn it Fries Museum, te sjen fan 28 oktober o/m 31 maart 2024. De keunstpriis wurdt op 28 oktober útrikt troch deputearre Eke Folkerts op de iepening fan de eksposysje.
Fan ‘t jier is it de earste kear dat de winner njonken prizejild en in tentoanstelling, ek in bedrach ûntfangt van €5000,- om te besteegjen oan in aktiviteit dy't bydraacht oan de byldzjende keunst yn Fryslân. De priis is fan ‘t jier takend oan wurk út in langere perioade: in saneamde Oeuvrepriis. Dêrby waard net allinnich sjoen nei byldzjend fermogen, feardigens en sizzenskrêft. De sjuery hat ek sjoen nei oerienkomsten mei de nammejouwer fan de priis. Om in grutter poadium te berikken ferliet Benner de provinsje. Hy sleat him yn Amsterdam oan by de nei-oarlochske fernijingen yn de byldzjende keunst. Bûten Fryslân ûntwikkele er him ta in (ynter)nasjonaal fierd keunstner.
Kinke Kooi
Krekt as Gerrit Benner is Kinke Kooi fan oarsprong Ljouwerter en ferliet sy de provinsje. Lykas Benner is it lânskip foar har in ynspiraasjeboarne. De keunstneres tekenet al goed fjirtich jier datjinge wat wringt en giet yn har wurk de konfrontaasje oan mei negatyfs en draait dat om nei it positive. In oade oan wat faak net toand wurdt of net sjoen wurdt.
Dat docht se yn oermjittige kleuren, mei in soad sêftens en rûne foarmen.
GERRIT BENNERpriis
De priis is yn it libben roppen om it byldzjende keunstklimaat in ympuls te jaan en it omtinken foar de byldzjende keunst ûnder it publyk te fergrutsjen. De twa jierlikse provinsjale GERRIT BENNERpriis is ferneamd nei de Fryske lânskipsskilder Gerrit Benner, út de 20e iuw. De organisaasje is yn opdracht fan de provinsje, yn hannen fan Keunstwurk en it Fries Museum.