GERRIT BENNERprijs

Kinke Kooi is de winner fan de GERRIT BENNERpriis 2023. De byldzjend keunstneres is keazen omdat de sjuery ûnder de yndruk is fan de lykmjittige kwaliteit en eigenheid yn har wurk. Har wurk rekket neffens de sjuery hjoeddeiske tema's as gender, ferskaat en ynklusy. De keunstneres ûntfangt in jildbedrach fan €5000, - en in útstalling yn it Fries Museum, te sjen fan 28 oktober o/m 31 maart 2024. De keunstpriis wurdt op 28 oktober útrikt troch deputearre Eke Folkerts op de iepening fan de eksposysje.

Fan ‘t jier is it de earste kear dat de winner njonken prizejild en in tentoanstelling, ek in bedrach ûntfangt van €5000,- om te besteegjen oan in aktiviteit dy't bydraacht oan de byldzjende keunst yn Fryslân. De priis is fan ‘t jier takend oan wurk út in langere perioade: in saneamde Oeuvrepriis. Dêrby waard net allinnich sjoen nei byldzjend fermogen, feardigens en sizzenskrêft. De sjuery hat ek sjoen nei oerienkomsten mei de nammejouwer fan de priis.

De GERRIT BENNERpriis is in wichtige priis foar byldzjende keunst yn Fryslân en wurdt takend oan in keunstner waans wurk toanoanjouwend is foar it keunstoanbod yn de provinsje.

Mei dizze priis jout de provinsje in ympuls oan it kulturele klimaat yn Fryslân. In ûnôfhinklike advyskommisje mei leden út it wurkfjild, bepaalt wa’t de priis wint.

Advyskommisje GERRIT BENNERpriis2023

De advyskommisje bestiet dit jier út trije leden dy 't foardroegen binne troch Keunstwurk:

  • Julia Geerlings (kurator en direkteur fan A Tale of A Tub, it eardere badhûs yn it hert fan it monumintale Justus fan Effen-kompleks yn Rotterdam)
  • Judith Spijksma (konservator moderne en hjoeddeiske keunst by it Fries Museum yn Ljouwert)
  • Gitte Brugman (wie 5 jier artistyk lieder fan Keunstmoanne It Amelân)

Procedure en prijs

De GERRIT BENNERpriis wurdt ien kear yn de twa jier útrikt oan de keunstner dy’t in wichtige ûntjouwing yn syn of har wurk ta sân brocht hat. Ek kin de advyskommisje der foar kieze de priis ta te kinnen oan in hiel oeuvre fan in keunstner. Om kâns te meitsjen op dizze priis moat de byldzjend keunstner yn Fryslân wenje en wurkje. Wa't de oeuvrepriis wint, wurdt letter dit jier bekend makke. De winner kriget € 5000,- en in útstalling yn it Frysk Museum. Neist it prizejild kriget de winner € 5000,- foar in aktiviteit dy't bydraacht oan it ûntwikkeljen fan 'e byldzjende keunst yn Fryslân.

GERRIT BENNER

De twa jierlikse provinsjale GERRIT BENNERPriis is ferneamd nei de skilder Gerrit Benner. Gerrit Benner (1897-1981) is berne yn Ljouwert. Hy wie de meast bekende lânskipskilder fan de 20e iuw. Syn wurk is bekend yn binnen- en bûtenlân en hy wûn tal fan wichtige prizen. De wrâld dy’t Benner skildere, wie in dreamerige mearkes wrâld, mei kij, hynsten, lân, wetter en wolken. Hij wie autodidakt, oplaad as hús skilder, mar hat him ûntwikkele ta in keunstskilder fan ynternasjonale alluere, Wurk fan Gerrit Benner is te sjen yn it Fries Museum.

Winnaars GERRIT BENNERprijs

Jiertal

Priiswinner

Bydrage

2023Kinke KooiHiele oeuvre

2021

O.C. Hooymeijer

Wichtige ûntwikkeling

2019

Auke de Vries

Hiele oeuvre

2017

Pedro Bakker

Wichtige ûntwikkeling: giet troch mei fernijing sûnder syn werkenbere sinjatuer te ferliezen

2015

Sjoerd de Vries

Hiele oeuvre

2013

Tryntsje Nauta

Foaroprinnende ûntwikkeling yn it wurk

2011

Paul Panhuysen

Hiele oeuvre

2009

Zoltin Peeter

Wichtige ûntwikkeling

2007

Louis le Roy

Hiele oeuvre dêrûnder de Ecokathedraal yn Mildam

2005

B.C. Epker

Wichtige ûntwikkeling