Frysk Diktee
Sûnt 2004 stride bekende en ûnbekende Friezen by it Frysk Diktee foar it Gouden dakje. Kandidaten kinne harren oanmelde en in test meitsje om foar meidwaan yn ‘e beneaming te kommen. Yn 2018 waard der sels in rekôrpoging dien om it grutste diktee yn de iepen loft te organisearjen. Elkenien fan 12 jier en âlder wie wolkom om mei te dwaan. 621 Friezen diene úteinlik mei oan it Frysk Diktee op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. De organisaasje fan it Frysk Diktee is yn hannen fan de Afûk, it Centrum Meertaligheid (Cedin), de Fryske Akademy, Omrop Fryslân en de Provinsje Fryslân.
Sjuery Frysk Diktee
De sjuery stelt de tekst fan it Frysk Diktee fêst, hâldt tafersjoch op de wedstriid en wiist de úteinlike winner oan. De útspraak fan de sjuery is binend. De sjuery fan it Frysk Diktee bestie yn 2018 út:
- Jelle Bangma, Cedin;
- Nienke Jet de Vries, Provinsje Fryslân;
- Hindrik Sijens, Fryske Akademy.
Winners Frysk Diktee
Jiertal |
Priiswinner |
---|---|
2018 | Wopkje Bergmans, Holwerd |
2017 | Lieske Salverda, Gytsjerk |
2016 | Fedde Dijkstra, Wirdum |
2015 | Jan Ybema, Groningen |
2014 | André Looijenga, Groningen |
2012 | André Looijenga, Groningen |
2010 | André Looijenga, Groningen |
2008 | Swaan Postma-Vondeling, Eastermar |
2006 | Fedde Dijkstra, Wirdum |
2004 | Nynke Beetstra, Grou |