Dr. Obe Postmapriis
De dr. Obe Postmapriis is in priis foar de bêste literêre oersetting. De priis is net allinne foar oersettings út in frjemde taal nei it Frysk ta, mar ek út it Frysk wei nei in oare taal. De provinsje wol mei har literêre prizen wurdearring útsprekke foar de winner en syn/har wurk. Dêrneist wol de provinsje mear bekendheid jaan oan Fryske literatuer by de Fryske befolking.
Proseduere en priis
Provinsjale Steaten fan Fryslân hawwe de dr. Obe Postmapriis yn 1984 ynsteld. De priis wurdt ienris yn ‘e fjouwer jier útrikt. De winner kriget in bedrach fan € 2000 en in oarkonde.
Dr. Obe Postma
De dr. Obe Postmapriis is ferneamd nei Obe Postma (1868 - 1963). Hy wie wiskundelearaar, ynteressearre yn skiednis en ek dichter. Neist dichter wie hy ek in kundich oersetter fan poëzy. Yn 1947 krige hy de earste Gysbert Japicxprijs, de wichtichste literêre priis fan Fryslân, foar syn dichtbondel It sil bestean. Op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert stiet it talepaviljoen Obe, neamd nei de Fryske dichter.
Advyskommisje dr. Obe Postmapriis
In advyskommisje advisearret Deputearre Steaten oer it takennen fan de dr. Obe Postmapriis. De advyskommisje fan de dr. Obe Postmapriis bestie yn it jier 2020 út:
- Cees van Mourik (foarsitter)
- Cilla Geurtsen
- Rein Smilde
Winners dr. Obe Postmapriis
Jiertal |
Priiswinner |
Bydrage |
---|---|---|
2020 |
Jan Popkema |
Foar syn oersetting fan It Parfum fan Patrick Süskind út it Dútsk nei it Frysk. |
2016 |
Geart Tigchelaar |
Foar syn oersetting fan Erik of it lyts ynsekteboek fan Godfried Bomans út it Nederlânsk nei it Frysk |
2011 |
Anne Tjerk Popkema (útrikt yn 2012) |
Foar syn oersetting fan De Hobbit, fan J.R.R. Tolkien út it Ingelsk nei it Frysk |
2008 |
Tryntsje van der Zee |
Foar har oersettings fan toanielstikken nei it Frysk |
2005 |
Klaas Bruinsma |
Foar syn oersettings fan it memorandum fan Gysbert Japicx út it Midfrysk, Lânwurk fan Fergilius út it Latyn,Ilias en de Odyssee fan Homerus út it Âldgryks nei it Frysk |
2002 |
Eric Hoekstra |
Foar de oersetting fan Dat Sei Zarathustra fan Friedrich Nietzsche út it Dútsk: Also Sprach Zarathustra |
1999 |
Jabik Veenbaas |
Foar de oersetting fan Fan it Fryske Lân en it Fryske Libben fan Obe Postma fan it Frysk nei it Nederlânsk |
1996 |
Harke Bremer en Jarich Hoekstra |
Foar de oersetting fan stripboeken fan Marten Toonder nei it Frysk: It Kwea-each en De Boppebazen, Nederlânsk: Het Boze Oog en de bovenbazen |
1993 |
Klaas Bruinsma |
Foar syn oersetting fan trije trageedzjes fan Sophocles nei it Frysk |
1990 |
Douwe Tamminga |
Foar syn oersetting fan fersen fan Gysbert Japicx nei it Nederlânsk |
Tryater (geweigerd, dus niet uitgereikt) |
Foar de oersetting fan toanielstikken nei it Frysk, dy’t spile waarden troch Tryater | |
1984 |
Gerben Brouwer |
Foar syn oersetting fan psalmen en gesangen nei it Frysk yn fan syn bondel Ljochte Nachten |