Dichter fan Fryslân

Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol provinsje in breder publyk mear omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy yn it Frysk of in Fryske streektaal. Provinsjale Steaten hawwe yn 2015 in útstel oannommen om in Dichter fan Fryslân te beneamen. Yn it jier 2017 is Eeltsje Hettinga ta alderearste Dichter fan Fryslân keazen.

Proseduere en priis

De Dichter fan Fryslân skriuwt seis oant tsien gedichten yn ’t jier by in selskeazen gelegenheid of aktueel barren. De dichter kriget dêr in fêste fergoeding fan € 2.500 jiers en € 250 it gedicht foar. De beneaming is foar twa jier.

De provinsje Fryslân stelt foar de beneaming fan de Dichter fan Fryslân in advyskommisje oan. De kommisje draacht kandidaten foar dy't geskikt achte wurde foar de titel Dichter fan Fryslân. In wichtich kritearium is de dichterlike kwaliteit fan it wurk fan de kandidaat. Tagelyk besjocht de advyskommisje oft de kandidaat geskikt is as represintant fan de poëzy yn Fryslân, fernijende ideeën hat foar oerdracht nei publyk en motivearre is. De Dichter fan Fryslân is in echte ambassadeur foar de Fryske poëzy yn Fryslân likegoed as dêrbûten.

De begelieding en promoasje fan de Dichter fan Fryslân wurdt troch de Afûk útfierd. Mear ynformaasje oer de Dichter fan Fryslân is te finen op de webside. begelieding en promoasje fan de Dichter fan Fryslân wurdt troch de Afûk útfierd. Mear ynformaasje oer de Dichter fan Fryslân is te finen op de webside.

Advyskommisje Dichter fan Fryslân

De advyskommisje jout advys oan Deputearre Steaten oer it beneamen fan de Dichter fan Fryslân. De advyskommisje bestie yn 2023 út 3 leden:

  • Sigrid Kingma (Drachten, 1989) studearre Nederlânsk en Frysk oan de Ryksuniversiteit yn Grins. Sigrid Kingma is Dichter fan Fryslân 2022 – 2023 en skriuwt as resinsint en kollumnist foar ferskate kranten en tydskriften.

  • Ammerins Moss – de Boer (Rinsumageast, 1974) is skriuwer en oersetter en studearre Ingelske taal- en letterkunde oan de Ryksuniversiteit yn Grins. Sûnt in pear jier hat sy as algemien bestjoerslid in sit yn it bestjoer fan it Skriuwersboun.

  • Céline Wierda (Ljouwert, 1995) is teatermakker en kultureel ûndernimmer. Se wurket û.o. as festivalkoördinator en programmeur foar Explore the North. Neist har wurk foar Explore the North is sy artistyk lieder fan SELF . collective en De Broeikas.

Oersjoch Dichters fan Fryslân

Jiertal

Priiswinner

2023 - 2025Arjan Hut

2021

Sigrid Kingma

2019

Nyk de Vries

2017

Eeltsje Hettinga