Els Veder-Smit priis
De Els Veder-Smit priis wurdt yn 2022 foar it earst útrikt op 8 maart, Ynternasjonale Frouljusdei. Dizze priis wurdt om ‘e trije jier útrikt oan in persoan dy't bydraacht oan in ferbettering fan de posysje en rol fan froulju yn de Fryske polityk.
Els Veder-Smit
Els Veder-Smit (1921 -2020) hat as politikus op it mêd fan folkssûnens en frouljusrjochten in soad foar froulju yn Nederlân betsjutte kinnen. Se sette har ûnder mear yn foar in abortusregeling en hat der mei foar soarge dat de pil yn it sikefûns kaam. Dêroer soe se letter sizze: " Vrouwen kijken eerder naar de menselijke kant van besluiten. ” De VVD-politika wie fan 1962 oant '66 riedslid yn Ljouwert. Letter waard sy de earste frou út Fryslân dy't lid fan de Twadde Keamer waard. Ek wie sy steatssekretaris, Earste Keamerlid en belutsen by it oprjochtsjen fan it Medysk Sintrum Ljouwert (MCL).
Proseduere en priis
Persoanen dy't op maatskiplik en polityk flak bydroegen hawwe oan de posysje fan froulju, mei as doel oare froulju te ynspirearjen en motivearjen foar de Fryske polityk, komme yn oanmerking foar de Els Veder-Smit priis. It stiet elkenien frij om dêr immen foar te nominearjen. In sjuery makket in seleksje út de nominaasjes en stelt in sjueryrapport op. De sjuery advisearret de Deputearre oer it takennen fan de Els Veder-Smit priis. De organisaasje om de Els Veder-Smit priis hinne is by Stichting Tûmba ûnderbrocht.
Sjuery 2022
-
Ellen van Selm (Boargemaster Opsterlân);
-
Ojanne de Vries-Chang (riedslid it Hearrenfean);
-
Martijn Smit (neef fan Els Veder-Smit).